Sms'e om te fersieren

24 jan 2006 - 09:22

In pear Drachtster ûndernimmers ha in systeem ûntwikkele om skruten jongerein makliker kontakt lizze te litten. Mei in anonime sms kinne de jongeren tenei oan in aardige jonge of famke yn de kroech witte litte wat se fan har fine.

It sms-ke giet fia in kompjûter nei de goede persoan ta, dy't dan net fuortendaliks wit fan wa't it berjocht komt. Dizze moanne wurdt it systeem úttesten yn fjouwer diskoteken yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)