SMS-proef foar part mislearre

12 mrt 2006 - 13:57

De proef fan de gemeente Smellingerlân om de útslach fan de riedsferkiezings te sms'en oan ynwenners is foar in part mislearre. Fan 'e 90 belangstellenden krigen 73 noch deselde jûn de útslach op har mobile tillefoan.

De oare 17 krigen dy útslach yn de measte gefallen pas de oare moarns. De gemeente slút net út dat ynwenners yn de takomst wer ynformaasje fia sms binnen krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)