SMS´e by gondelfeart Aldeboarn

21 aug 2008 - 07:00
  • Stimme mei sms op moaiste gondel

Publyk by de gondelfeart yn Aldeboarn kin dit jier foar it earst mei in SMS witte litte wat it de moaiste gondel fynt. De organisaasje wol sa mear minsken belûke by it takennen fan de publykspriis.

De gondelfeart yn Aldeboarn wurdt freed 29 augustus foar de 63e kear hâlden. Publyk kin oant 12 oere de oare deis mei in SMS syn foarkar oanjaan. Jûns wurdt dan bekendmakke wa´t wûn hat. De gondelfeart lûkt alle jierren sa´n 10.000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)