Smoothies meitsje yn kantine

16 maaie 2014 - 20:34
  • Cambuur-keeper Leonard Nienhuis skinkt de earste smoothies yn
  • Cambuur-spilers Martijn van der Laan en Leonard Nienhuis by de yngrediïnten
  • Nei ôfrin wienen der fansels hântekenings foar de jeugdleden fan MKV '29

Mei sa'n fyftich jeugdleden fan fuotbalklup MKV '29 út Ljouwert makken Cambuur-spilers Martijn van der Laan en Leonard Nienhuis freed in sûne smoothie. Dat dienen se yn it ramt fan Food Revolution Day. Dizze dei is in inisjatyf fan sportsjoernalist en tillevyzjepresintator Wilfred Genee.

Genee spile sels as jeugdfuotballer by MKV '29 yn Ljouwert. Hy fynt dat der yn sportkantines mear sûne produkten komme moatte foar de bern. De middei waard op it sportjild ôfsluten mei de bekende 'Petje op, petje af' kenniskwis oer sûn iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)