Smookstopmiddel moat fergoede

16 feb 2010 - 15:25

Helpmiddels om fan it smoken ôf te kommen moatte fergoede wurde. Dêrfoar pleitet longarts Eppinga nochris by it 5-jierrich bestean fan de spesjale Stoppen met roken- polyklinyk fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Mei helpmiddels is de kâns grutter dat in smoker mei sigaretsmoken ophâldt. De behanneling fan ferslaving oan drugs of alkohol wurdt wol fergoede. Doktoaren moatte fierders pasjinten wize op 'e positive effekten fan ophâlden mei smoken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)