Smookferbod op fearboat Skier

21 mrt 2003 - 00:00

Fan 1 april ôf mei der net mear smookt wurde op de boat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach. Rederij Wagenborg hat dat besletten omdat hieltyd mear passazjiers kleie dat se lêst ha fan de smokers.

It wie al net tastien om op de bûtendekken te smoken, mar tenei is it yn alle passazjiersromten ferbean. De fearboat Rottum wurdt dêr op dit stuit foar oanpast op de werf fan Volharding Frisian yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)