Smookferbod by Oerol

18 jun 2010 - 16:38
  • It swartbrânde stik grûn by Hee

It fjoer yn de dunen by Hee op Skylge is nei alle gedachten ûntstien troch in sigarettepeuk. Freed hawwe meiwurkers fan Steatsboskbehear de skea opnommen. Guon fûgels rinne rûn op syk nei har nêsten. De skea liket yn earste ynstânsje ta te fallen. Dochs hat de gemeente Skylge fuortdalik in smookferbod ynsteld.

Steatsboskbehear en de plysje sille der by Oerol streng op tasjen dat besikers en akteurs gjin kampfjoer meitsje en sigaretten smoke yn de dunen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)