Smolten rubber oarsaak fan glêde dyk by It Hearrenfean

14 jul 2015 - 18:27

Rykswettersteat makket tiisdeitejûn de dyk by it klaverblêd Hearrenfean skjin. De dyk wie op guon plakken glêd, benammen nei in reinbui. Rykswettersteat hat ûndersocht dat de oarsaak leit yn it tige waarme waar fan de ôfrûne tiid. Dêrtroch bliuwt it rubber fan de autobannen oan de dyk plakken. As it dan letter mei reinwetter wiet wurdt, soarget dit foar glêdens.

Rykswettersteat hie buorden delsetten mei in warskôging. It giet derfan út dat nei it skjinmeitsjen fan de dyk de problemen foarby binne.

De ôfrûne tiid wiene der geregeld ûngelokken op de dyk mei auto's dy't mei te hege snelheid de bocht nimme en fan de dyk glieden. De plysje ûndersiket noch oft beide saken in ferbân hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)