"Smokkelers hawwe fan 't simmer frij spul op Waadsee"

28 apr 2015 - 12:35

Smokkelers hawwe fan juny ôf tydlik frij spul op de Waadsee. Neffens de Telegraaf wolle Rykswettersteat en de duâne twa grutte patrûljeskippen ferfange troch lytse, rappe boatsjes. De bemannings moatte earst in oplieding krije om mei dy boatsjes om te gean, en dat duorret in pear moanne. Yn dy tiid wurdt der net patrûljearre.

Benammen drugssmokkelers soene fan de kontrôleleaze perioade profitearje kinne. De belutsen ynstânsjes wolle net reagearje.

Ferline simmer waard op in boat by Skiermûntseach 70 kilo hasj yn beslach naam. De saak kaam oan it ljocht doe't it skip fêst kaam te sitten. Twa manlju út Sweden waarden oanhâlden foar de drugssmokkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)