Smokkeler sigaretten pakt

15 jun 2009 - 20:01
  • De yllegale sigaretten kamen út Sina

De plysje hat yn Dieverbrug yn Drinte de haadfertochte oanhâlden fan it smokkeljen fan yllegale sigaretten. Yn jannewaris waarden yn Fryske Peallen en yn it Drintske Roden al seis minsken oanhâlden yn dizze saak. Doe waarden fjouwer frachtweinen mei 25 miljoen sigaretten yn beslach naam. De merkwearde wie sân miljoen euro.

By aksjes yn Dútslân, Ingelân en Denemarken binne no tachtich miljoen sigaretten yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)