Smoken yn stedskantoar taboe

03 des 2003 - 00:00

Amtners dy't ien opstekke yn it Ljouwerter stêdskantoar, kinne tûzenen euro's boete krije. Ljouwert wol per 1 jannewaris it smoken yn 'e gemeentlike gebouwen oanpakke. Ek besikers kinne better net smoke. As se de peuk net útdrukke wurde se derútset troch de plysje.

Stûfe smokers kinne foar in pafke nei twa 'bushokjes' yn 'e tún. Minsken dy't ophâlde wolle mei smoken, biedt de gemeente Ljouwert in kursus oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)