Smoken tastien by Frysk Damjen

31 okt 2004 - 13:45

By it Frysk Damjen mei tenei gewoan smookt wurde by wedstriden. It bestjoer woe in smookferbod ynstelle mar dat waard freed ôfstimd. Smoken by it Damjen Frysk Spul mei, útsein as yn it gebou in smookferbod jildt.

Mei it ôfwizen fan in smookferbod rint it Dambûn Frysk Spul miskien wol de subsydzje fan it Keninklike Nederlânske Dambûn mis. It KNDB easket nammentlik yn 'e takomst in folslein smookferbod foar alle wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)