Smoken sigaretten djoerder

28 feb 2011 - 23:02

It smoken fan sigaretten wurdt djoerder. In pakje fan 19 sigaretten wurdt 40 eurosint djoerder, in pakje fan 24 sigaretten 50 sint. Shag bliuwt yn priis gelyk, der sit allinnich minder yn in pûdsje.

Sigarettehannelers binne benaud dat se klanten ferlieze. Supermerken kinne in pakje al gau goedkeaper oanbiede. De sigaretten wurde net fuortendaliks djoerder. Pas as de foarrieden op binne, komme de djoerdere sigaretten yn de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)