Smoken ferbean yn lytse kroech

09 jul 2008 - 16:17
  • Dit jildt ek foar de lytse kroech...

De lytse kroegen moatte dochs belies jaan. Woansdei hat de rjochter bepaald dat ek yn lytse hoarekagelegenheden net mear smookt wurde mei. Der wie in koart pleit oanspand tsjin it smookferbod troch de Stichting Red de kleine horeka, mar dy waard ferlern.

De lytse kroegen yn Fryslan, dy´t oansletten binne by de stifting, hoopje op in heger berop. Oars is it harren deastek, binne se bang. Guon kasteleins binne benaud dat harren saak it smookferbod net oerlibbet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)