Smoargens oer wetter nei Harns

28 des 2007 - 19:49

It ôffal fan it stoart de Wierde by Aldehaske sil mei kontenerskippen nei de nije Omrin-ôffaloven by Harns ferfierd wurde. Dêroer sille de provinsje, Omrin en oare belutsen partijen ynkoarten in konvenant slúte.

Dat waard freed bekend makke op de jierfergadering fan skippersferiening Schuttevaer yn Snits. De tastiene breedte fan skippen op it Hearrefeanster Kanaal moat noch wol oanpast wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)