Smoargens B'him nei Omrin

07 okt 2010 - 10:10

Boarnsterhim docht de ynsammeling fan smoargens yn de gemeente oer oan Omrin. Neffens Boarnsterhim sil dat in besparring fan goed fjouwer en in heale ton opsmite. De kosten foar de ynwenners kinne dêrtroch omleech.

De acht meiwurkers fan Boarnsterhim dy't it smoargens ophelje geane oer nei Omrin, krekt as de auto's dêr't dat mei dien wurdt. De oername giet yn op 1 jannewaris. Omrin sammelet dan it ôffal yn yn achttjin gemeenten yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)