Smoarch wetter goed kwyt kinne

22 jun 2007 - 10:14
  • wettersporters moatte har smoarge wetter makliker kwyt kinne

Der moatte mear ynstallaasjes komme dêr't wettersporters har smoarge wetter kwyt kinne. Ek moatte besteande ynstallaasjes makliker te brûken wêze. De Marrekrite moat dêr mei de wettersportûndernimmers wat oan dwaan.

Hieltyd mear wettersporters wurde ferplichte har smoarge wetter yn in aparte tank oan board op te slaan. De Marrekrite hat ek belang by sokke ynstallaasjes om't it smoargens sa net by de lisplakken achterlitten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)