Sm.lân: weryndieling komt wol

19 sep 2012 - 14:50

De gemeente Smellingerlân giet der fan út dat der op termyn dochs in weryndieling yn Súdeast-Fryslân komt. De provinsje hat woansdei sein dat sy fine dat dat net noadich is. Smellingerlân is foarstanner fan in weryndieling dêr't de gemeente grutter fan wurdt. Eventueel is ek in weryndeling mei Hearrenfean mooglik.

Neffens Smellinerglân is skaalfergrutting ek yn de takomst de trend en sil ek Súdeast-Fryslân dêr úteinlik yn meigean. Dat stânpunt sil meidield wurde oan de Twadde Keamer, dy't úteinlik beslút oer weryndielingsplannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)