Smilde wol útwreidzje

02 jan 2003 - 00:00

Keninklike Fetsmelterijen Smilde op It Hearrenfean ynvestearret tsien miljoen euro yn nijbou en útwreiding. De ôfdieling margarine wurdt 18.000 kante meter grutter en der komme nije masines. Yn Edam en yn Frankryk komt nijbou.

It bedriuw hat ferline jier minder winst makke. De omset wie mei 240 miljoen euro gelyk oan dy fan 2001. De ôfdieling dierlike fetten hie noch in soad lêst fan de BSE-neisleep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)