Smilde hat te lijen fan 'Europa'

27 aug 2004 - 12:08

It giet minder goed mei Fetsmelterij Smilde fan It Hearrenfean. Nei de útwreiding fan de Europeeske Uny mei in tal East-Europeeske lannen is der minder fet beskikber foar Smilde. Dy lannen brûke in soad fet foar ûnder oare it meitsjen fan woarst. Dêrtoch hat Smilde in legere omset.

Ferline jier moast Smilde ek al de ôfdieling Meppel slute. De Europeeske merk sil yn de takomst wer ta rêst komme, ferwachtet Arend Smilde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)