Smell'lân: berop tsjin Omrin

02 des 2009 - 10:30

Smellingerlân giet yn heger berop tsjin it fonnis fan 'e rjochtbank oer de skeafergoeding dy't de gemeente oan Omrin betelje moat. Smellingerlân hat ein 2006 it kontrakt opsein. De gemeente stapte as earste út de gemeentelike gearwurking, okkerdeis makken Dongeradiel en Dantumadiel bekend dat sy itselde dogge.

De rjochtbank hat útsprutsen dat Smellingerlân opstappe mei, mar wol in skeafergoeding betelje moat oan de oare gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)