Smellingerlân wol tsientallen tydlike wenningen bouwe

20 feb 2016 - 13:13
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân wol semy-permaninte wenten bouwe om it tekoart oan sosjale hierwenningen op te fangen. Yn dy 'prefabwenningen' kinne asylsikers mei in status opfongen wurde. Ek minsken dy't op wachtlisten steane fan de wenningbou komme yn de beneaming. De semy-permaninte wenningen binne ienfâldich te bouwen en letter ek wer maklik fuort te heljen.

It is de bedoeling dat de wenningen ferspraat oer de gemeente delset wurde. Wethâlder Van der Horst ferwachtet dat de wenten nei de simmer oplevere wurde.

"Door de komst van de vluchtelingen, kom je in de knel met de wachttijden van reguliere sociale huurders", seit Jos van der Horst. "Wij hebben te maken met krimp en als je de prognoses erop los laat voor onze woningbouwprogramma's, dan zouden we eigenlijk niet al te veel meer bij moeten bouwen. Anders blijven we met leegstand zitten. Daarom kiezen we voor tijdelijke woningen."

Foar 1 maaie wol de gemeente helder ha wêr't tsientallen tydlike wenningen foar asylsikers mei in ferbliuwsfergunning komme. De huzen foar 'statushâlders' moatte uterlik 1 septimber beskikber wêze. De ferwachting is dat Smellingerlân dit jier mear as 160 statushâlders oan wenromte helpe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)