Smellingerlân wol ek netwurkjild

10 feb 2005 - 14:56

De gemeente Smellingerlân wol dat de provinsje him by de Twadde Keamer sterk makket foar stêdlike netwurken. Doel is dat Drachten ek yn in nasjonaal netwurk komt en ekstra Ryksjild krijt. De gemeente hat hjiroer in brief skreaun oan 'e provinsje. Saneamd 'netwurkstatusjild' fan it Ryk giet al nei Ljouwert ta. Drachten, Harns en It Hearrenfean wurkje ek gear en soene dus ek dat ekstra jild hawwe moatte, fynt boargemaster Van der Zaag.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)