Smellingerlân is wer CDA-gemeente

19 mrt 2015 - 02:21
  • Gemeente Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân is, lykas foarhinne, wer in echte CDA-gemeente. It CDA skoarde woansdei 18% by de steateferkiezings en wie dêrmei de grutste partij. De PvdA ferlear stevich en gie fan 24 nei 15,5%. In part fan dy stimmen gie grif nei de SP, want dy partij gie fan 9 nei 13,7%.

De ChristenUnie gie fan 12 nei 13,4% en de PVV fan 8 nei 8,9%. De VVD ferlear en gie fan 11 nei 8,8%. D66 gie fan 4 nei 6,7%, de FNP fan 6 nei 6,4%. GrienLinks ferlear in bytsje: fan 4 nei 3%.

De skoares fan de oare partijen: 50Plus 2,4% en Partij voor de Dieren 2,2%. De opkomst yn Smellingerlân wie 53,8%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)