Smellingerlân sil besunigje

16 okt 2009 - 14:48

Smellingerlân moat de kommende jierren bot besunigje. Foar 2010 is de posysje noch posityf, mar fan 2011 oant en mei 2013 moat Smellingerlân bot besunigje. Sa is de kommende fjouwer jier mar fyftjin miljoen euro foar struktureel belied en ien miljoen euro foar nij belied beskikber.

It kolleezje hat oan dizze bedragen noch gjin bestimming jûn. Der wurdt foarsteld om de ûnreplik saakbelesting en de ôffalstoffeheffing mei 1,2 persint it jier te ferheegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)