Smellingerlân rom yn it jild

21 okt 2004 - 16:50

De gemeente Smellingerlân hat de kommende jierren noch genôch jild foar nij beleid. De gemeente hâldt oant en mei 2008 alle jierren 240.000 euro oer.

Troch de finansjele romte kin de gemeente 2,3 miljoen euro ekstra útjaan oan nijbou fan it Drachtster lyceum. Fierder wurdt it gemeentehûs foar 2,3 miljoen euro ferspikere. Dat gebou foldocht net hielendal oan de ARBO- foarskriften. It is ek wat te krap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)