'Smellingerlân moat Omrin hâlde'

23 sep 2006 - 12:33

De Fryske gemeenten roppe de gemeente Smellingerlân op om klant te bliuwen by ôffalferwurkingsbedriuw Omrin. Alle Fryske gemeenten binne dêr oandielhâlder en klant fan.

Smellingerlân driget it ôffal no nei Noard-Hollân te bringen en te brekken mei Omrin omdat se sa goedkeaper út binne. De kwestje is freed op in ekstra oandielhâldersfergadering yn Aldehaske besprutsen. Wethâlder Rozema sei dêrnei dat der neat feroarje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)