Smellingerlân: minder amtners

19 sep 2006 - 16:47

De gemeente Smellingerlân hat minder amtners yn tsjinst yn fergelyk mei guon oare gemeenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Berenschot. Smellingerlân hat foar 1000 ynwenners sân amtners yn tsjinst. Guon gemeenten dy't hast like grut binne as Smellingerlân ha der 8,2.

Minder amtners hat net allinnich mar foardielen. Sa bestiet it risiko dat der saken lizzen bliuwe. Mar de leankosten binne wol leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)