'Smellingerlân mear sichtber'

02 jan 2014 - 06:22

Smellingerlân moat himsels better op de kaart sette. Boargemaster Tjeerd van Bekkum fynt dat Drachten as de High Tech haadstêd fan it Noarden folle sichtberder wurde moat. Der is in soad jild ynvestearre om romte te meitsjen foar bedriuwichheid yn dy sektor. No wurdt it tiid om dat nei bûten ta goed út te dragen, sa sei Van Bekkum yn syn nijjierstaspraak.

De gemeente kin dat net allinnich, it moat yn goed oparbeidzjen mei buorgemeenten en de provinsje. Dat smyt wurkgelegenheid op en dat is wer goed foar de ekonomy, neffens Van Bekkum.

De boargemaster stie woansdei ek stil by de grutte feroarings dy't plak fine sille binnen de gemeenten. It giet dan om de taken dy't gemeenten oernimme fan it Ryk, lykas de jeugdsoarch. Neffens Van Bekkum jout dy oergong in soad ûnwissichheid en is it noch mar de fraach oft gemeenten der yn slagje sille dit binnen de budzjetten te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)