Smellingerlân hat soad jild

04 jun 2002 - 00:00

Miljoenen euro's ekstra hat de gemeente Smellingerlân de kommende jierren te besteegjen. Dat docht bliken út de begrutting dy't tiisdei presintearre waard. In part fan it jild wurdt opsparre.

In part wurdt útjûn oan nije fytspaden en ûnderwiishúsfesting. Ek wurdt ûndersocht oft De Lawei, de Meldij en de biblioteek ûnder ien dak komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)