Smellingerlân hat plannen

08 jun 2007 - 11:25

De gemeente Smellingerlân lûkt de kommende fjouwer jier goed 26 miljoen euro út foar nije plannen. It jild giet ûnder oare nei it nije kulturele sintrum dat by theater De Lawei boud wurde moat. Fierders moat der in nij mar by Aldegea komme. Dêr wurdt al jierren oer praat.

Ek wurdt der fan 2011 ôf alle jierren 850.000 euro reservearre foar nijbou of renovaasje fan skoallen. De belestings gean omheech mei 2,1%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)