Smellingerlân hat kolleezje

26 apr 2006 - 14:53

Boargemaster Middel fan Smellingerlân fynt it 'genant' dat it seis wike duorre hat foardat er in nij kolleezje fan B&W is. Neffens Middel hiene de ûnderhannelings wol earder klear wêze kind.

De nije wethâlders waarden tiisdei ynstalleard. Dat binne de PvdA'ers Cees Kuipers en Nieske Ketelaar, CDA'er Fred Veenstra en Jan Rozema fan de CU. Jan Rozema krige de minste stipe mei 20 stimmen foar en 8 blanko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)