Smellingerlân hat jild oer

16 maaie 2007 - 17:32

Smellingerlân hat ferline jier hast twa miljoen euro oerhâlden. Dat wurdt taheakke oan de algemiene reserve. It tal bystânsútkearingen yn de gemeente is tige ôfnaam en it opheljen fan it hússmoargens hat minder jild koste as ferwachte.

De jierrekken fan de gemeente oer 2006 is troch de akkountant mar foar in part goedkard. De gemeente en de akkountant ferskille fan miening oer de útlis fan in tal regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)