Smellingerlân garant foar liening 1,4 miljoen euro oan Lawei

01 maaie 2015 - 22:03
  • De Lawei yn Drachten

De gemeente Smellingerlân stiet garant foar in liening fan 1,4 miljoen euro oan skouboarch De Lawei yn Drachten. It teater hie al in ekstra subsydzje krigen fan rom 3,7 miljoen euro om de skea opfange te kinnen mei it geharrewar mei oannimmer Van Norel by de fernijbou.

No krijt De Lawei nochris in liening fan 1.4 miljoen euro fia de Bank Nederlandse Gemeenten. Troch de gemeente garant stean te litten, hoecht it teater in folle legere rinte te beteljen. De gemeente rint in risiko, mar dochs is it kolleezje akkoart gien.

De gemeente stelt boppedat nochris 297.000 euro ekstra subsydzje beskikber oan keunstesintrum De Meldij yn Drachten foar it seizoen 2015/2016. Dêrmei soarget de gemeente derfoar dat it muzykpersoniel betelle wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)