Smellingerlân dumpt Omrin

24 aug 2006 - 09:07

Smellingerlân wol it hûssmoargens fan de gemeente tenei ferwurkje litte troch de Huisvuilcentrale Noord- Holland yn Alkmaar. Oant no ta waard it hûssmoargens fan Smellingerlân ferwurke troch de Fryske ôffalferwurker Omrin.

B&W wolle har oandielen Omrin ferkeapje. It ferwurkjen fan ôffal yn Noard-Hollân skeelt op jierbasis rûchwei 700.000 euro. Per húshâlden is dat 20 oant 30 euro goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)