Smellingerlân docht sms-proef

22 feb 2006 - 17:20

As de earste proef mei sms-kes fan de gemeente Smellingerlân goed giet, wol de gemeente de boargers faker ynformaasje jaan mei tekstberjochten op de mobile telefoan.

Sûnt dit wykein kinne minsken har op de website fan Smellingerlân ynskriuwe foar in eksperiment mei de útslach fan de gemeenteriedsferkiezings, op 7 maart. Sa gau as de útslach fan ferkiezings bekind is, stjoert Smellingerlân dêr in sms oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)