Smellingerlân: "Besunigje net fierder op de soarch"

26 nov 2015 - 12:04

De gemeente Smellingerlân en tweintich oare gemeenten roppe Den Haach op om net noch mear te besunigjen op de soarch. Neffens de gemeenten giet it goed mis as der op 'e nij minder jild nei gemeenten giet foar jeugdhelp en WMO.

Smellingerlân tinkt dat it tekoart foar de eigen gemeente yn 2016 oprinne kin oant fjouwer miljoen euro. De gemeenten krigen begjin dit jier soarchtaken oplein. Se moasten it mei minder jild dwaan en healwei dit jier kaam der noch in ekstra besuniging oerhinne.

Gemeenten binne foar harren ynkomsten foar in grut part ôfhinklik fan it gemeentefûns út Den Haach, mar it Ryk wol yn 2016 it jild foar dit fûns oars ferdiele.

Foar guon gemeenten betsjut dit dat harren ynkomsten wol mei 30 prosint weromrinne kinne. Dat giet ten koste fan foarsjennings, sa tinke de gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)