Smellingerlân posityf oer 2011

27 apr 2012 - 19:48

De gemeente Smellingerlân hat oer 2011 hast trije miljoen euro oerhâlden. Dat docht bliken út it jierferslach. De helte fan dat bedrach bestiet út in hegere útkearing fan it Ryk. Fierder foel ûnder oare in tal ferkearsprojekten goedkeaper út, kaam der mear OZB-belêsting binnen en wiene der minder personielskosten.

Nettsjinsteande de positive sifers oer 2011 hâldt Smellingerlân der rekken mei dat der dit jier mear besunige wurde moat as de oardel miljoen euro dy't al oankundige is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)