Smel'lân hellet plestik op

07 des 2009 - 11:17
  • Dizze plastic held moat minsken bewege om it plestik apart te hâlden

Yn Smellingerlân is moandei útein set mei it apart ynsammeljen fan plestik. De gemeente is net mear oansletten by Omrin en it ôffal wurdt no ferwurke yn Noard-Hollân. Mei in grutte kampanje mei in oranje plestik mantsje yn de haadrol wurdt ynwenners dúdlik makke dat se plestik apart hâlde moatte fan al it oare smoargens.

Smellingerlân is de earste yn Fryslân dêr't plestik apart ynsammele wurdt. Wethâlder Jan Rozema sammele yn Boarnburgum de earste pûden mei plestik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)