Smel'lân gjin grien gas Omrin

28 aug 2008 - 11:51
  • Smellingerlân ûndertekenet gjin kontrakt

Smellingerlân hoecht gjin grien gas fan ôffalferwurker Omrin. In kontrakt foar de levering fan dat gas oan de gemeenten yn de A-7 sône is tongersdei net ûndertekene.

Smellingerlân sjocht der fanôf om't se in konflikt ha mei ôffalferwurker Omrin. De gemeente fynt net dat se dan al in kontrakt ôfslute kinne oer de levering fan grien gas. Smellingerlân sei yn 2006 it kontrakt mei de ôffalferwurker op om't se de tariven te heech fûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)