Smel'lân gelyk yn ôffalsaak

04 okt 2012 - 18:45

Smellingerlân hat gjin flaters makke by it opsizzen fan it kontrakt by ôffalferwurker Omrin. De gemeente hoecht dan ek gjin skeafergoeding te beteljen. Dat hat it gerjochtshôf tongersdei bepaald. Smellingerlân stapte yn 2007 oer nei in oare ôffalferwurker. Omrin hie dêrop in skeaclaim yntsjinne fan 5,4 miljoen euro, omdat neffens harren de gemeente net samar fan it kontrakt ôf koe. It gerjochtshôf jout Omrin dêryn no gjin gelyk.

Der leit noch wol in skeaclaim fan 100.000 euro foar it opsizzen fan it GFT-kontrakt.

Dêr hat de rjochter noch gjin útspraak oer dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)