Smeekens wint twadde 500 meter

09 mrt 2014 - 14:25
  • Jan Smeekens

Jan Smeekens fan Snits hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell de twadde 500 meter op syn namme skreaun. Smeekens klokte in winnende tiid fan 34,91 en wist dêrmei de Dútser Nico Ihle (34,97) en lângenoat Michel Mulder (35,00) foar te bliuwen.

Troch it tredde plak nimt Michel Mulder de lieding oer yn it wrâldbekerklassemint. Hy sammele oant no ta 578 punten. De Súd-Koreaan Tae-Bum Mo stiet twadde mei 527 punten. Ronald Mulder fine wy op it tredde plak mei 512 punten. Hy wûn sneon de earste 500 meter.

Nije wike wurde yn Thialf de wrâldbekerfinales riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)