Smeding wer werom nei Berltsum

21 aug 2007 - 14:31

Griente- en fruitgruthannel Smeding komt tydlik wer werom yn Berltsum. Yn de âlde feilinghallen komt in opslach foar kisten. Earder siet der in kartbaan yn dy hallen, mar dy is in goeie moanne lyn sletten. Smeding begûn yn de jierren 80 yn Berltsum, mar ferhuze letter nei Sint Anne.

De eigner ferwachtet dat de opslach fan kisten ien oant twa jier duorje sil. Op dit stuit hat it bedriuw gjin plak foar dy opslach yn Sint Anne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)