Smeding leveret no ek oan Spar

18 feb 2011 - 14:01

Griente- en fruitgruthannel Smeding fan Sint Anne hat der in nije grutte klant by. It bedriuw sil de 300 Spar-supermerken yn Nederlân farske griente-en fruitprodukten leverje. Smeding ferwachtet troch de nije klant in soad ekstra omset.

It kontrakt mei Spar betsjut dêrneist dat der fyftjin ekstra meiwurkers by Smeding oan de slach kinne. It bedriuw telt no 365 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)