Slykgrien fûn by Lauwersmar

30 aug 2010 - 15:49

De tige seldsume plant slykgrien is oantroffen yn Fryslân. Arend Timmermans fan wurkgroep Skalsumer natuerbehear hat de plant fûn tusken Kollumerpomp en it Lauwersmargebiet.

De plant, mei moaie lytse wite blommen, komt mar op in pear plakken foar yn Nederlân en dan benammen yn de buert fan riviergebieten. Plantekenner by útstek Eddy Weeda komt woansdei nei it Lauwersmargebiet ta om de plant te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)