Slûzen op plak fearboatterminal

03 jan 2002 - 00:00

De fearboatterminal fan Doeksen moat nei in oar plak ta. Dat sei boargemaster Arlman fan Harns yn syn nijjierstaspraak. Ek it stasjon soe ferhúzje moatte. De kosten wurde op 2,7 miljoen euro rûsd. It plan past by de feroarings fan de Nije Willemshaven.

Op it plak fan de fearboatterminal, dy't nei de Vluchthaven moatte soe, kin it nije slûzekompleks boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)