Sluting Sionsberg fan grutte ynfloed op sike-omrop Intersion

13 des 2014 - 17:18

Sike-omrop Intersion út Dokkum bestiet al hast 40 jier en is dêrmei de âldste fan it lân. De omrop wurket mei 25 frijwilligers en is festige tusken De Sionsberg en ferpleechhûs de Waadwente. De húsomrop fan De Sionsberg is noch hieltyd dwaande mei útstjoerings, ek al lizze der gjin pasjinten mear yn it sikehûs.

De fraach is no oft Intersion de 40 jier folmakket of dat se der mei ophâlde. Se hawwe op alle apparatuer stikkers plakt, omdat se der net wis fan binne dat it oars net yn de ynboel fan it fallite Pasana beflapt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)