Sluting Prins Dokkum definityf

05 feb 2014 - 18:55
  • Staking Prins Dokkum

It personiel fan it eardere fangrailfabryk Prins yn Dokkum is akkoart gien mei in nij oanbod fan de eardere wurkjouwer. De tritich wurknimmers fan it Dokkumer bedriuw krije no noch fiif moanne salaris útbetelle. Dêr stiet foaroer dat se akkoart gean moatte mei de definitive sluting fan it bedriuw. Se moatte ek ôfsjen fan fierdere prosedueres by de ûndernimmingskeamer. Dy ûndersiket op it stuit oft de sluting terjochte wie.

Prins gie ein ferline jier ticht nei moannelang ferset en aksjes fan de wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)