Sluting is praat fan de dei

11 des 2009 - 15:38

De sluting fan it tsiisfabryk is freed it praat fan de dei yn Dronryp. Troch de sluting komme 86 wurknimmers op strjitte te stean. Dat makke FrieslandCampina tongersdei bekend. Maitiid 2011 geane de doarren ticht. Foar it personiel siket it bedriuw oar wurk.

Oer de takomst fan 'e Domo-ôfdieling, dêr't 15 minsken wurkje, docht FrieslandCampina noch gjin útspraken. Mar it fakbûn is der wis fan dat ek dy lokaasje yn 'e takomst ferdwine sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)