'Sluting Polare is spitich'

28 jan 2014 - 15:12
  • argyffoto

Boekhannel Van der Velde mei festigings yn Ljouwert, Snits, Drachten en Grins soe it in minne saak fine as de yn need ferkearende boekwinkels fan Polare definityf de doarren slute moatte. Dat seit direkteur Rutger van der Velde yn reaksje op de tydlike sluting fan de Polare. Dêrtroch is ek de eartiids ferneamde Ljouwerter boekhannel de Tille ticht. Van der Velde is benaud foar kealslach ûnder de boekhannels.

Boekeferkeaper en -útjouwer Steven Sterk is net sa optimistysk oer de kânsen fan de Ljouwerter festiging fan Polare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)